Spanje, Tabernas – Guadix; Mangelblossem en Oliverispinge.

Wy ha de kust wer achter ús litten. Mieke har ribben kinne it rûchere binnenlân wol wer oan. Hele deitochten rinne en fytse sil noch net gean, mar in tochtje fan in pear km is gjin inkel probleem mear. Wy stekke by Tabernas earst mar werris de woestijn yn. Wat fûgels oanbelanget is it earm, mar wat is dit lânskip toch elke kear wer yndrukwekkend. Ik frege my twa wike lyn noch ôf at it fiere en frije Lees verder

Spanje, Playa Granada-Cabo de Gata; ‘hacer reposo’ II.

Elke dei meitsje wy in foarsichtich, koart kuierke nei it gesellige strântintsje foar elk twa cortados en rinne dan dêrnei wer like foarsichtich oer it strân werom nei de kemping. Gelokkich giet Mieke mei de dei foarút en hat al folle minder pine. By it kofjedrinken sjogge wy nei de fiskjende Alken en Jan van Genten fuort ûnder de kust en fermeitsje ús mei de sizwizen en spreuken Lees verder

Spanje, Playa Granada; ‘hacer reposo’.

Wer ûnderweis nei de bus út it sikenhûs ferline wike learde Mieke op de falreep toch ek noch in nije Spaanske útdrukking. Doe’t de dokter har as lêste formaliteit de ûntslachbrief joech, sei’r mei klam dat ‘hacer reposo’ no it ienige medisyn wie. ‘Nim dyn rêst’ rôp hy har by it fuortgean nochris nei. No wist Mieke de taalkundige betsjutting fan ‘reposo’ fansels ek wol, mar tusken ‘kennen’ Lees verder

Spanje, Playa de Granada; and Birds can fly.

It delkommen is hurd, sa hurd dat it knapt. Mieke wie oan’t draven, strukelet, falt en brekt trije ribben. En sa sitte wy de moarnsbetiid al by de earste hulp yn it sikenhûs fan Motril. Fjouwer hechtingen yn de knibbel en twa foto’s fan de ribbekast letter, heare wy dat Mieke trije dagen foar observaasje bliuwe moat om eventueel optredende komplikaasjes foar te wêzen. Lees verder

Spanje, Almeria – Playa Granada; wynhannel

At it sa trochgiet dan wurde wy nochris ‘echte’ soartejagers. Nei de Pacifische Grote Zee-eend, de Steppekievit en de Steppekiekendief fan de lêste wiken ha wy no by Almeria de Steppeklapekster ‘skoart’. It falt op dat al dizze nije soarten út it easten komme en dat hat alles te krijen mei de konstante eastewyn dy’t yn de hjerst fan ferline jier hearske. Dit is de earste Steppeklapekster ea yn Spanje en hat Lees verder

Spanje, Cabo de Gata; de profesy foarby.

Redmond O’Hanlon wie ris ûnderweis mei in reisgenoat nei ik leau it hert fan Borneo, mar miskien wie it ek wol nei de bron fan de Orinoco. It makket ek net safolle út, hy wie yn elk gefal wer ûnderweis. Dizze reisgenoat ymponearre Redmond sa no en dan folslein ûnferwachts mei de foarsizzing ‘I think we are about to see something very special’ en fuort
dêrop fleine dan fanút it neat de meast Lees verder

Spanje, Cabo de Gata; the art of seeing things

En de teller stiet no op 6.833 fûgelsoarten yn ien jier. Arjan Dwarshuis hat yn 2016 it wrâldrekord fan it sjen fan it grutste tal fûgelsoarten yn ien jier tiids in hiel ein skerper stelt. It sil net tafalle en ferbetterje him. Hy hat yn ien jier hast trijekwart fan alle fûgels yn de wrâld sjoen. Elke dei hat’r gemiddeld 6.833 : 366 (it wie in skrikkeljier) ≈ 19 ferskillende fûgelsoarten sjoen. Knap hear. Lees verder

Spanje, El Hondo; oan de ein fan it jier.

It wie in wike fan de bysûnderheden ferline wike. In wike fan de dwaalgasten út fiere streken. In wike fan de pear dy’t ôf doarre te wiken fan de fêste koers. In wike fan de bûter yn de brij foar de fûgelder. Fannewike is it wer gebeurd. Hoe’t wy ek sykje, gjin frjemde fûgels mear. Dy elite hat ús yn de steek litten. Mar ek de gewoane en algemien foarkommende fûgels binne de muoite wurdich fansels. Want Lees verder

Spanje, El Hondo; it liket Almelo wol.

Nei de koade Oranje fan ferline wike, stappe wy no sa de simmer yn. Strakblauwe loften, lekkere temperatueren en it is bledstil. Elke dei sitte wy mei koarte mouwen op de fyts. Wat nou donkere dagen foar de Kryst? Op dit stuit is der op ornitoloagysk gebied in soad te dwaan yn El Hondo en omkriten. Elke dei is der wol wat bysûnders en spesjaals te sjen. Sa lêze wy moandei op reservoirbirds.com dat Lees verder

Spanje, Valencia – El Hondo; koade Oranje

It is koade Oranje at wy fan Valencia nei it natuergebied El Hondo ride. Der falle aanst bakken mei wetter en it sil in stoarm waaie, folle merke wy der no noch net fan. Wol kleuret it lânskip de koade. Sa fier it each weidet ljochtsje Mandarijnen en Kaki’s; ien grutte oranje fitaminesee.
De ûnderhâldsputsjes oan de bus binne wer útfierd en krekt as twa jier lyn gie it ek no wer Lees verder